'Bonke bonke' aansen oer

13 feb 2003 - 00:00

Op 'e Harkema binne se út ein set mei it asfaltearjen fan de Betonwei. De dyk bestiet noch altyd út betonplaten út 1935. It is ien fan 'e drokste betondiken yn 'e provinsje. De oaren, by Droegeham en De Rottefalle, binne in pear jier ferlyn al renovearre.

Nettsjinsteande de histoarje binne de Harkemasters der net rouwich om dat it beton ferfongen wurdt troch asfalt. Dat sil grif hurder gean as yn 1935, want doe moast it beton wol 3 dagen droegje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)