Bonifatiusprojekt mislearre

12 nov 2008 - 10:36
  • Wethâlder Appelhof

It Bonifatiusprojekt yn Dokkum is mislearre, mar moat noch wol betelle wurde. It projekt wie bedoeld om risikojongeren tusken de 16 en 25 jier te begelieden. Oanlieding foar it projekt wiene de ûngeregeldheden by it AZC fan Dokkum yn 2003. Yn it projekt wie plak foar 20 jongeren, mar der hawwe mar 8 meidien.

De riedsleden binne min te sprekken oer de kostepost mar noch minder oer de proseduere. Der is nammentlik foar it projekt nea in riedsbeslút nommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)