Bonifatiusdei: muzyk út Fulda

21 maaie 2008 - 10:12

De Bonifatiusdei op snein 1 juny yn Dokkum krijt ynternasjonale alluere. Musisy út it Ingelske Crediton en it Dútske Fulda komme op dy dei nei Dokkum om de jierlikse Bonifatiusdei fan it bisdom Grins-Ljouwert mei te meitsjen. Neist Dokkum binne dy beide plakken foar altyd oan Bonifatius ferbûn.

Crediton is it berteplak en Fulda it plak dêr´t Bonifatius begroeven is. Pastor Paul Verheijen fan it bisdom is bliid mei de bûtenlânske gasten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)