Bonifatius-relyk nei Utert

28 maaie 2003 - 00:00

It relyk fan Bonifatius yn de Roomske Tsjerke fan Dokkum sil op reis nei Utert. It giet om in part fan de skedel fan de hillige dy't yn it Bonifatius-alter bewarre wurdt. It is foar it earst sûnt begjin foarige ieu dat it relyk Dokkum ferlit.

It sil lykwols mar ien dei fuort wêze. It relyk sil meidroegen wurden yn in prosesje. Jierliks komme der tûzenen pylgers foar it relyk nei Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)