Bonifatius kânshawwer Award

25 okt 2013 - 15:07

Bonifatius de Musical is nominearre foar in Musical Award fan de renomearre kultuerwebside MusicalWorld. It giet om in nominaasje yn de kategory 'Bêste koart rinnende produksjes'. Fia ynternet en sosjale media kin publyk oant 31 oktober stimme. Begjin novimber wurdt de winner bekend makke.

Stifting 754, dy't de musical yn Dokkum op poaten set hat, bringt it stik takom jier opnij op 'e planken. It makket diel út fan in grutter teaterprogramma mei de namme 'Bonifatius, Passie in het Noorden'.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)