Bonaventure Kalou teloarsteld

13 sep 2009 - 14:16
  • Kalou begrypt it beslút net

Hearrenfeanspiler Bonaventure Kalou hat teloarsteld reagearre op it beslút fan trainer Jan de Jonge om him net op te nimmen yn de Europeeske seleksje. Dat hat de Ivoriaanske spits witte litten yn de Telegraaf fan snein.

Kalou's namme stiet net op de list fan spilers dy't de trainer ynsette wol yn de Europa League. Kalou seit it net te begripen, omdat hy noch wol yn de twa wedstriden tsjin Paok Saloniki spile, doe't Hearrenfean him kwalifisearre foar de pûlfaze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)