Bon foar illegaal parkeare

30 nov 2007 - 10:08

Yn Ljouwert binne tongersdei ferskate minsken op de bon gien omdat se har auto op in plak foar handikapten delset hiene, wylst se sels neat mankeare. Op de lokaasje Lieuwenburg, De Centrale en de Snekertrekwei waarden binnen in kertier seis bekeuringen útskreaun.

Illegaal parkeare op in plak foar handikapten kostet 130 euro. De plysje wol hjir faker op kontroleare.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)