Bon foar grut tal hurdriders

24 sep 2009 - 11:01

De plysje hat woansdei op ferskate plakken yn Fryslân kontrolearre op te hurd riden. Oanlieding wiene klachten fan omwenners oer jakkerjen.

Yn Doanjum en Sweins waarden hast 40 hurdriders op 'e bon slingere, op de fjouwerbaansdyk by Harns 70. Yn De Knipe rieden 42 auto's te hurd, op It Fok op It Hearrenfean 62 en op De Schrans yn datselde plak 58. De rapste automobilist ried by Harns 123 kilometer yn 'e oere, wylst dêr 80 it maksimum is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)