Bommen ûntploffe by Hieslum

26 okt 2009 - 22:14

De brisantgranaten en oare munysje dy't fûn binne by Hieslum kinne net oer in grutte ôfstân ferfierd wurde, omdat dat te gefaarlik is. Dêrom wurdt it oarlochsguod yn de buert ta ûntploffing brocht. It plak bepaalt de gemeente yn oerlis mei it leger.

Der wurdt al jierrenlang munysje fûn by Hieslum, omdat de Ingelsen yn de Twadde Wrâldoarloch dêr in trein bombardearden. It wurk oan en by it spoar is kommende sneon klear. Dan kinne de treinen der wer del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)