Bommen romje kostet seis oeren

12 jan 2010 - 19:27

De Explosieven Opruimings Dienst tinkt heechút seis oeren nedich te hawwen foar it opromjen fan trije bommen by de Ljouwerter fleanbasis. Dy lizze krekt bûten it stek fan de basis oan de kant fan Marsum. It giet om trije 500-pûners út de Twadde Wrâldoarloch.

De ûntstekkings fan de bommen sille der nije wike tongersdei úthelle wurde. Dêrnei wurde de bommen by Den Helder yn see ta ûntploffing brocht. Fanwege de aksje wurdt in tal huzen tydlik ûntromme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)