Bommen bliuwe earst lizzen

19 jan 2010 - 07:05

De fjouwer fleantúchbommen dy't fûn binne op de fleanbasis yn Ljouwert wurde foarearst net oprêden. Dat is moandei bekend makke op de ynformaasjebyienkomst foar omwenners.

De EOD en de gemeenten Ljouwert en Menameradiel wolle earst ûndersykje at der mear bommen lizze. It is noch net dúdlik wannear't de evakuaasje fan omwenners nedich is, want it ûndersyk kin moannen duorje. Ek is noch net dúdlik hoefolle wenten ûntromme wurde moatte as de bommen demontearre wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)