Bommelding stasjon Ljouwert

30 sep 2001 - 00:00

It Ljouwerter NS-stasjon hat sneintejûn twa oeren lang ûntromme west fanwege in bommelding. Alle treinferkear waard stillein. Reizgers moasten treinen en stasjon ferlitte. De bommelding kaam om 6 oere jûns binnen.

De plysje hat it hiele stasjon yngreven trochsocht, mar der waard neat fûn. Om kertier oer achten hinne waard it stasjon wer frijjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)