Bommelding op skoalle Drachten

11 nov 2004 - 09:40

Skoalle De Friese Poort oan de Leidyk yn Drachten moast woansdei ûntromme wurde fanwege in bommelding. De melding kaam eefkes foar njoggen oere binnen. Op de skoalle sitte tusken de 2500 en trijetûzen bern. Om alve oere hinne is it gebou wer frijjûn.

De eksplosive-oprommingstsjinst hat gjin bom fûn. De melding komt mooglik út ekstremistyske hoeke. Boargemaster Van der Zaag fan Smellingerlân hâldt dêr alteast rekken mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)