Bommelding by ING Drachten

07 aug 2003 - 00:00

It Raadhuisplein by de ING-bank yn Drachten is tongersdeitemiddei om healwei fjouweren wer frijjûn. It plein wie ôfset yn ferbân mei in bommelding. Dy kaam moarns om 11 oere binnen.

In fergelykbere melding kaam ek binnen by de ING-bank yn Hoogeveen. Wat de achtergrûn dêrfan is, is noch ûnbekend. In bom is der yn Drachten yn alle gefallen net fûn. Op it stuit fan de melding wiene der minsken yn de bank. De ûntromming is goed ferrûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)