Bommelder sels fertochte

15 feb 2014 - 09:44

De plysje hat de 64-jierrige man oanhâlden dy't freed melde dat der in fertocht pakketsje by syn hûs yn Sint Anne lei. By ûndersyk yn it hûs fan de man kaam de plysje materiaal tsjin dat de man fertocht makket. Hy is jûns oanhâlden en sit fêst foar fierder ûndersyk.

Nei oanlieding fan syn melding waard it appartemintekompleks dêr't de man wennet, ûntromme. De 21 bewenners moasten it grutste diel fan de dei trochbringe yn it gemeentehûs yn Sint Anne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)