Bom yn Sniksweach:evakuaasje

08 sep 2009 - 09:21

De bewenners fan trije wenten yn Sniksweach wurde tiisdei evakuearre fanwege de bom dy't dêr opromme wurdt. Om tsien oere moatte de bewenners fan út harren hûs wêze. Bewenners fan 32 oare huzen moatte binnendoar bliuwe.

De bom út de Twadde Wrâldoarloch, in Ingelske bom fan hûndert pûn, wurdt yn de rin fan de dei troch meiwurkers fan de Explosieven Oprommingstsjinst ûntmantele. Dêrnei wurdt er yn in stik greide by Eagmaryp ta ûntploffing brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)