Bom yn Ljouwert wurdt oprêden

20 jul 2006 - 08:42

De eksplosive-oprommingstsjinst, de EOD, begjint woansdeitemiddei op de fleanbasis Ljouwert mei it oprêden fan in bom út de Twadde Wrâldoarloch. It giet om in Ingelske fiifhûndert-ponder dy't nea ûntploft is.

De bom moat fuort fanwege bouwurksumheden. Op it plak dêr't de bom leit, komt in nije dyk. It soe te gefaarlik wêze om it projektyl lizze te litten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)