Bom út oarloch ûntploffe litte

08 sep 2010 - 12:33

In bom fan 500 pûn sil freed ta ûntploffing brocht wurde. De bom is by boaiemûndersyk fûn op de Ljouwerter fleanbasis. It is in Ingelske bom út de Twadde Wrâldoarloch.

De bom wurdt freed op de basis om 19.00 ta ûntploffing brocht. De bom is te ynstabyl om in nei in oar plak te bringen en dêr ûntploffe te litten. Omwenners fan de basis hoege net evakuearre te wurden. De dyk tusken Ljouwert en Stiens wurdt tydlik wol ôfsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)