'Bom' is Sinteklaassurprize

14 nov 2013 - 16:09
  • Bommelding yn Hartelust

In âlde Sinteklaassuprize hat tsientallen bewenners fan pakhûs Hartelust yn Ljouwert tongersdeitemiddei flink kjel makke. Se waarden troch de plysje út harren appartemint helle omdat yn it gebou in bom lizze soe. Uteinlik blykte it fertochte pakketsje in pakje fan de Sint te wêzen.

It eardere pakhûs oan de Romkesleane waard in pear jier ferlyn ferboud ta apparteminten. Sûnt in pear wike sit der ek in callcentre yn. Dêr waard it pakketsje fûn.

.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)