Bom hâldt wer nijbou tsjin

01 jul 2008 - 16:35

Op it plak fan útfeartferiening Jelsumerhof yn Ljouwert mei foarearst net boud wurde. Der soe in bom út ´e Twadde Wrâldoarloch lizze. De gemeente wol dat de nije eigner fan it terrein meibetellet oan ´e syktocht nei de bom.

De bom soarge seis jier ferlyn ek al foar fertraging by de bou fan in GGZ-gebou. De diereklinyk dêrnjonken hie safolle skea om´t op dat terrein ek socht wurde moast. De Jelsumerhof ferhuzet nei de Sam_Dresdenstrjitte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)