Bom is gjin bom, mar âld izer

05 apr 2011 - 12:02
  • Dolsterhuzen yn de ban fan de bom dy't gjin bom wie

Ut ûndersyk yn de grûn oan it Tsjongerpaad by Dolsterhuzen hat tiisdeitemoarn bliken dien dat der gjin bom út de Twadde Wrâldoarloch leit. It gie om in âlde bomkrater dy't nei de oarloch folsmiten is mei âld izer.

De gemeente Lemsterlân hie jild frijmakke foar it ûndersyk. Dat waard ynsteld om't op âlde kaarten wol in bom stie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)