Bom fûn yn tún Raard (D)

22 apr 2009 - 15:40

Yn in tún fan in hûs yn Raard (D) is in bom fûn. It giet om in projektyl út de Twadde Wrâldoarloch. Op in wente oan de Van Kleffensleane is yn de oarloch in fleantúch delstoarten, de bom soe dêr útkomme.

De man dy't de bom fûn, hat fuortendaliks de plysje belle. Dy hat kontakt socht mei de Eksplosiven Oprommingstsjinst. In demontaasjeteam is no fan Delfsyl ûnderweis nei Raard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)