Bom fûn by De Westereen

12 mrt 2013 - 23:50
  • Bom fûn by De Westereen
  • Bom fûn by De Westereen
  • Bom fûn by De Westereen

In ynwenner fan De Westereen hat tiisdeitemiddei út it wetter de Mieden by syn wenplak in bom opfiske. De man hie in nije magneet krigen dy't hy útteste woe. Neidat er in tal metalen ding boppe wetter helle hie, kaam der ynienen in silindereftich foarwerp nei boppe. Dat waard meinommen nei hûs. Doe't it foarwerp opdroege wie, die bliken dat it om in bom út de Twadde Wrâldoarloch gong.

De Explosieven Opruimingstsjinst waard ynskeakele en dy hat de bom ôffierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)