Bolwurk yn oktober wer iepen

06 aug 2009 - 14:18

Nei in grutte ferbouwing giet it Bolwurk yn Snits wer iepen. It poppoadium wie hast in jier ticht. De binnenkant is leechhelle, op 'e nij yndield en ferbettere. De garderôbe, bar en húskes binne grutter wurden. Ek is der no in lyts poadium foar konserten oant 150 besikers en in smookromte bûten.

It Bolwurk wurdt 2 en 3 oktober offisjeel iepene. Der binne optredens fan ûnder oare Moke, Drive Like Maria, A Brand en The Hot Stewards.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)