Bolt sil in boek skriuwe

03 des 2008 - 15:39

Frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt út Harns sil in boek skriuwe om syn ûnskuld oan te toanen. Bolt waard yn Frankryk feroardiele ta fiif jier selstraf fanwege it smokkeljen fan drugs. Koartlyn is er troch Frankryk útlevere oan Nederlân, nadat er dêr 3,5 jier fan syn selstraf útsiet.

Doel wie dat er de oare oardel jier noch yn Nederlân útsit, mar woansdei hat de offisier fan justysje der foar de rjochtbank yn Grins foar pleite dat Bolt frij man bliuwt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)