Bolt mooglik gau nei hûs

03 okt 2008 - 10:44
  • Klaas-Jan Bolt komt mooglik gau nei hûs

De Harnzer frachtweinsjauffeur Klaas-Jan Bolt komt mooglik ein dizze moanne nei Nederlân. Dat hawwe de autoriteiten yn Frankryk foarsteld. Bolt is yn Frankryk ta fiif jier sel feroardiele foar drugssmokkel. Hy hat al trije jier fan dy straf útsitten.

De proseduere foar syn útlevering nei Nederlân is no yn gong set. Mar oft Bolt echt op 31 oktober nei Nederlân komt, hinget ôf fan ´e maresjaussee. Dy moat nammentlik it finzenetransport begeliede.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)