Bolt moandei foar de rjochter

21 nov 2008 - 14:59

Moandeitemiddei wurdt dúdlik oft frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt út Harns op frije fuotten komt. Dan moat er yn Grins foar de rjochter-kommissaris ferskine. Dy bepaalt oft Bolt yn ôfwachting fan de behanneling fan syn saak frij komt.

Bolt is tongersdei nei jierren yn in Frânske finzenis nei Nederlân brocht. Hy sit no fêst op it plysjeburo yn Grins. Bolt waard fan't simmer ta fiif jier sel feroardiele fanwege drugssmokkel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)