Bolt meikoarten nei Nederlân

31 okt 2008 - 12:39

Frachtweinsjauffeur Klaas Jan Bolt fan Harns komt 19 novimber definityf nei Nederlân. Dan is de proseduere foar syn útlevering nei Nederlân rûn. Bolt is yn Frankryk feroardiele foar drugssmokkel, alhoewol't er sels altiten sein hat dat er ûnskuldich is.

Oft Bolt ek frij man is, as er yn Nederlân oankomt, is noch net dúdlik. De kâns bestiet dat er hjir noch in part fan syn straf útsitte moat. Dêr rint noch in proseduere oer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)