Bolt is en bliuwt frij man

17 des 2008 - 16:03

Klaas-Jan Bolt, de Harnzer frachtweinsjauffeur dy't yn Frankryk yn 'e sel siet foar drugssmokkel, hoecht yn Nederlân net mear nei de finzenis. Dat hat de rjochtbank yn Grins besletten. Bolt waard woansdei ta trije jier selstraf feroardiele. En omdat er yn Frankryk al 3,5 jier fêstsitten hat, is Bolt no frij man.

De Harnzer sjauffeur kaam koartlyn werom nei Nederlân. Yn Frankryk wie Bolt ta fiif jier feroardiele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)