'Bolsward in Zet'-priis foar Stephan Rekker

08 jan 2016 - 13:19
  • Stephan Rekker yn aksje by de Miny-alvstêdetocht

Foarsitter Stephan Rekker fan de Fytsalvestêdetocht hat tongersdeitejûn de 'Bolsward in Zet'-priis krigen op de nijjiersresepsje fan Boalserter ûndernimmers. Rekker krijt de priis foar syn ynset foar de stêd. Sa hat hy him bygelyks bot ynspand om de hurdfytswedstriid Eneco Tour nei de stêd te heljen.

Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân rikte de priis, dy't bestiet út in byldsje en in oarkonde, út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)