Bolletylt past by Lauwersmarlân

04 mrt 2004 - 00:00

It Lauwersmargebiet is poer geskikt foar de tylt fan blombollen. Dat docht bliken út ûndersyk fan it ministearje fan Lânbou. Omdat de bollen dêr letter fan it lân helle wurde kinne, is de opbringst grutter. Boppedat is der noch romte genôch, wylst it Westlân fol sit.

De jirpelboeren yn it Lauwersmargebiet binne al langer op syk nei in ekstra tak. De resultaten fan it ûndersyk waarden tongersdei presintearre op de Marneflora yn Warffum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)