Bolletongersdei yn Boalsert

02 okt 2014 - 12:56
  • Bollen binne wer wolkom op Bolletongersdei yn Boalsert

It is tongersdei bolletongersdei yn Boalsert. De nije stichting dy't it evenemint organisearre hat, hat as doel om it boerelibben te promoten, en stêd en plattelân wer tichter byinoar te bringen.

De bolletongersdei is in grutte jiermerke, dêr't fan alles te keap is. Ek wurdt der tidens it evenemint ringriden. It feest yn Boalsert is tongersdeitejûn noch net ôfrûn, mar duorret oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)