Bolletongersdei nei 3 dagen

03 okt 2013 - 11:57
  • Foar it earst sûnt 2000 wer in keallekeuring op Bolletongersdei
  • Foar it earst sûnt 2000 wer in keallekeuring op Bolletongersdei
  • Bollen binne wer wolkom op Bolletongersdei yn Boalsert
  • Foar it earst sûnt 2000 wer in keallekeuring op Bolletongersdei

Bolletongersdei yn Boalsert wurdt miskien in evenemint oer trije dagen. De stichting Bolsward promotions ûndersiket dizze mooglikheid. Fan takom jier ôf wurdt dit evenemint net mear organisearre troch de gemeente, mar moat de stichting it oernimme. Wat fierder dêr de gefolgen fan binne is noch net dúdlik.

Bolletongersdei is dit jier wol wer echt bolletongersdei, want foar it earst sûnt 2000 wie der wer in keallekeuring. Nei de tongblierkrisis yn 2000 wie it fan de keuring net mear kaam, der waarden dizze kear 60 keallen keurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)