Bolletongersdei fan start mei echte bollen

01 okt 2015 - 08:44

Bolletongersdei yn Boalsert gie tongersdeitemoarn fan start mei echte bollen. It is foar it earst yn jierren dat der wer echt fee ferhannele wurde kin. Eins meie je fee net byelkoar sette yn ferbân mei it risiko op fersprieding fan sykte, mar mei wat ekstra betingsten hat de Nederlandse Voedsel en Waren Autoriteit dochs tastimming jûn.

Der binne tsien 'dekbollen' en twa 'fleisbollen' te keap. Bolletongersdei is de ôfrûne jierren útgroeid ta in feest fan mear dagen en duorret noch oant en mei sneon.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)