Bolders yn stee fan ringen

05 nov 2002 - 00:00

De Marrekrite wol de ringen dêr't boaten oan fêst lizze, ferfange troch bolders. It giet om 4000 oanlisplakken. De bolders hawwe as foardiel dat de wettersporters net mear op de wâl hoege te springen om it tou fêst te binen. Se kinne oan board gewoan it tou om de bolder hinne smite.

It bart no faak dat wettersporters útgliidzje op in glêde steiger of har ferstappe op ûngelyk lân. Besjoen wurdt hokker bolder geskikt is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)