Bol wint krekt fan Stroetinga

17 maaie 2011 - 18:36
  • Wim Stroetinga (argyffoto: Rudie Ottens)

Wim Stroetinga koe yn de earste etappe fan Olympia's Tour de massasprint nei 151 km yn Noordwijk krekt net winne. De hurdfytser fan Aldeberkeap ferlear mei in pear milimeter fan Jetse Bol fan de Rabobank. Bol waard ek de nije lieder, Stroetinga stiet mei 18 sekonden achterstân op it sechde plak.

Foar Drachtster René Hooghiemster, ploechmaat by Ubbink-Koga fan Stroetinga, sit Olympia's Tour derop. By in fal wie syn fyts skansearre en letter bruts it fersnellingsapparaat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)