Bokwerts diktee foar goed doel

06 nov 2014 - 08:01
  • Dielnimmers oan it Bokwerts diktee

De Rotaryklup De Nijehove yn Ljouwert hat woansdeitejûn in lytse 3000 euro ophelle foar it goeie doel mei it Bokwerts diktee. De dikteejûn stie yn it ramt fan it Bokwerts. Dat is in taal fan de ynwenners fan it sabeare doarpke Bokwert, dy't besykje Hollânsk te praten. De Ljouwerter Krante die jierrenlang elke wike ferslach oer it libben yn Bokwert.

It jild dat mei de dikteejûn ophelle is, giet nei it Mokselskip Dwaelster, dat troch psychiatryske pasjinten opknapt wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)