Boksgala foar skiedend trener

25 sep 2000 - 18:20

Snein wie der yn sporthal It Kealledykje yn Ljouwert in boks- en kickboksgala. Op it gala kamen sa'n sânhûndert leafhawwers fan beide sporten ôf. Der wienen demonstraasjes en der waard striden om de Rudy Scheertrofee.

Scheer hat jierrenlang haadtrener fan de boksers fan Frisia west. Yn juny moast er wegens in slimme sykte mei syn aktiviteiten ophâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)