Bokitokiker fan FBTO

28 maaie 2007 - 12:37

FBTO hat sneon yn dieretún Blijdorp yn Rotterdam 2000 kartonnen brillen útdield. Sa kinne besikers feilich nei de apen sjen. De saneamde Bokitokiker is in reklamestunt wêrmei't de Ljouwerter fersekerder ynspringt op de drokte oer de ûntsnapte gorilla.

De bril is ek fia de webside te krijen. Op de kiker steane twa eagen dy't nei de sydkant sjogge. Sa hoege de apen har net bedrige te fielen troch de taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)