Boetes yn Snits en Wymbrits

27 maaie 2009 - 10:41

In soad minsken ha tiisdei yn Snits en Wymbritseradiel boetes krigen foar oertredingen dy't se makke hiene. In soad autobestjoerders krigen in bon omdat se bygelyks te hurd of troch read rieden. Guon taksysjauffeurs krigen in warskôging omdat se te lang achter it stjoer sitten hienen.

Op de Rûnwei yn Snits waard by in kentekenkontrôle op njoggen auto's beslach lein, omdat de bestjoerders de belesting net betelle hiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)