Boetes by útkearingen mooglik ûnrjochtlik oplein

04 feb 2015 - 11:47

Minsken mei in útkearing dy't in boete krigen ha omdat se fraudeard hawwe soenen, hoege dy boete mooglik net te beteljen. Santjin Fryske gemeenten besjogge de boetes op 'e nij dy't se de ôfrûne twa jier jûn hawwe oan minsken mei in útkearing.

Dat dogge se nei oanlieding fan in brânbrief fan it Fries Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden, it FSU. Dy rôp de gemeenten op om de boetes ferfalle te litten, om't it yn in soad gefallen net giet om fraude mar om minsklik fersin. It FSU ferwachtet dat in soad minsken jild weromkrije sille.

Wethouder Andries Ekhart fan Ljouwert fynt dat de fraudewet fuort ôfskaft wurde moat. Ekhart mient dat de gemeente dizze taak folle better útfiere kin. Neffens him ken de gemeente de minsken mei in útkearing persoanlik en is dy ek better op de hichte fan har situaasje. Hy fynt dat it ryk eins de kosten betelje moat foar de tiid dy't de amtners no kwyt binne om de flaters yn de fraudewet te werstellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)