Boetes útdield yn trein

25 nov 2009 - 22:43

Yn Fryske treinen binne de ôfrûne moannen tsientallen boeten útskreaun foar fraude mei NS-koartingskaarten. It giet om kaarten dy't noch brûkt waarden wylst se net mear jildich wiene. Yn it ferline waard dat faak net bestraft omdat personiel fan Arriva gjin apparatuer hat om de jildichheid te kontrolearjen.

Troch NS-personiel, dat de apparatuer wol hat, ek yn Arriva treinen kontrolearje te litten wurdt de fraude faker bestraft.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)