Boetes op PM-kanaal tenei betelje mei snoadfoan

22 aug 2015 - 11:16
  • Rykswettersteat dwaande mei in kontrôle-aksje op it PM-kanaal

Wa't in boete krijt fan Rykswettersteat op it Prinses Margrietkanaal hoecht net mear wiken te wachtsjen op in slûf mei akseptgiro. De farweibehearder begjint mei in proef wêrby't mei help fan in smartphone en in lytse printer gelyk in boete útdield wurdt. Oertredings kinne ek mei filmkes fêstlein wurde op de tillefoan.

It hjit it Byspy-systeem. De plysje op 'e dyk wurket al langer mei in selde soart oplossing. De nije oanpak skeelt de minsken fan Rykswettersteat in soad wurk.

Filmkes dy't oare wettersporters meitsje fan oertredings kinne wol in ûndersyk op gong bringe, mar binne net genôch om in boete út te skriuwen. Rykswettersteat is tongersdei útein set mei in grutte kontrôle-aksje op it Prinses Margrietkanaal mei seis boaten en achttjin minsken. De aksje rint noch oant en mei snein. As der boetes útdield wurde, is dat meastentiids foar te hurd farren of omdat minsken net goed stjoerboardswâl hâlde. En dat is gefaarlik omdat der hieltiid gruttere frachtskippen op it Prinses Margrietkanaal ûnderweis binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)