Boetes by miljeukontrôles

14 feb 2005 - 16:33

De plysje hat yn jannewaris 18 kear boetes útskreaun yn Noardeast-Fryslân foar miljeu-oertredings. It gie ûnder oaren om it stoarten en ferbaarnen fan ôffal en it útriden fan dong yn de ferkearde perioade. Trije ûndernimmers hawwe proses-ferbaal krigen om't se autobannen en plastik oan de jeugd meijûn hiene, dy't dat brûkten foar brânbulten foar âld en nij.

Ek binne fjouwer fiskers beboete foar it fiskjen mei libjend aas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)