Boetes by kontrôles op wetter

22 aug 2014 - 17:03

By in kontrôle op it wetter hat de plysje tongersdei ferskate yllegale fangmiddels yn beslach naam. Tsjin de eigener fan in ielkist en ielkoer is proses-ferbaal opmakke. De eigeners fan seis yllegale netten krije noch berjocht fan de plysje.

De skipper fan in rappe boat krige in boete om't hy foar twa passazjiers gjin rêdingsfesten oan board hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)