Boetes by frachtweinkontrôle

27 sep 2013 - 12:16

By in frachtweinkontrôle by Drachten binne tongerdeitemiddei fjirtjin bestjoerders op de bon slingere. De plysje kontrolearre mei-inoar 25 frachtauto's. Sân wiene te swier beladen. Ien hie in te hege lading en ien ried wylst syn rydbewiis ynfoardere wie. Fieders wie der yn twa gefallen sprake fan in lading dy't derôf foel, twa bestjoerders hâlden harren net oan de rydtiden en ien ried mei in fersliten bân.

Oare bestjoerders krigen in warskôging foar ûnder oare spegels en ferljochting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)