Boetes foar yllegale guozzejacht

17 nov 2004 - 11:12

Fjouwer minsken binne moandei beboete foar it yllegaal jeien op guozzen. De plysje kontrolearret de guozzejacht op fersyk fan de provinsje. Der mei dit jier jage wurde op oerwinterjende guozzen as der in spesjale ûntheffing is fan de provinsje.

De ûntheffing jildt allinnich foar minsken dy't lânbouskea ha troch de guozzen. Moandei waard der lykwols sketten op oerfleanende guozzen dy't net fan doel wiene del te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)