Boetes foar trucksjauffeurs

16 apr 2010 - 09:54

By in ferkearskontrôle op de sneldyk by Surch ha tongersdei sân frachtweinsjauffeurs in boete krigen. Trije frachtweinen wiene oerbeladen, twa hiene gefaarlike stoffen, mar gjin goeie feiligheidsmaatregels.

By ien frachtwein foel de lading hast fan de wein ôf en ien wie te lang. Fjouwer sjauffeurs moasten fuortendaliks maatregels treffe om fierder ride te kinnen. Sa moast by twa frachtweinen in part fan de lading lost wurde omdat se oerbeladen wiene.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)