Boetes foar te hurd riden

06 nov 2010 - 13:55

Automobilisten binne de ôfrûne dagen by de wurksumheden op de Blankendalwei by Goaiïngea en Skearnegoutum beboete. In soad rieden te hurd en guon rieden ek troch read ljocht. De minsken dy't oan it wurk wiene oan de dyk warskôgen de plysje foar de gefaarlike sittewaasjes. De plysje hat tongersdei en freed kontrolearre. Goed 70 automobilisten krigen in boete.

De plysje sil de kommende wike ek kontrolearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)