Boetes foar te hurd ride

28 sep 2006 - 10:33

Twa autobestjoerders moasten woansdeitemiddei har rydbewiis ynleverje, om't se fierstente hurd rieden. In 19-jierrige jonge ried mei goed 130 kilometer yn 'e oere troch Idaerd, wylst 80 dêr tastien is. De plysje sette de jonge oan 'e kant en joech him in fikse boete. Syn rydbewiis waard ynnaam.

Datselde barde by in autobestjoerder (26) út Ljouwert. Hy ried mei 130 km yn 'e oere oer de A32 by Wurdum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)